Ljocht op it liet

Alle bestjoersgearkomsten fan de YKFE wurde iepene mei in liet út it Frysktalige lieteboek. Bop Pruiksma fertelt dêr dan wat by oer de (oerset)skiednis fan it lied. Op dizze side diele wy sa’n liet en de útlis.

Om de Fryske oersetting Lieteboek – sjonge en bidde thús en yn tsjerke sa gau mooglik nei it ferskinen fan de Hollânske edysje útkomme litte te kinnen, koe de Fryske redaksje beskikke oer de teksten dy’t op ’e nominaasje stiene om opnommen te wurden. Dêr it risico by akseptearjend dat dêr by einslúten ek wolris in liet ferfalle koe. Fan lieten út oare talen as it Nederlânsk krige de redaksje ek de orizjinele tekst om dêr by it oersetten fan út te gean.

Ut de gearkomste fan 13 septimber 2022:

 

Psalm 139: 1 o/m 5 Douwe Tamminga

 

 

mei korreksjes fan Cor Waringa

 

1.     O Hear, neat giet oan Jo foarby.

Jo kenne, Jo trochgrûnje my.

‘k Mei rêste of oerein my jaan,

neat fan myn tinken en myn dwaan,

wàt my bewege mei of driuwe,

kin foar jo each ferburgen bliuwe.

 

 

1.     O Hear, neat giet oan Jo foarby.

Jo kenne, Jo trochgrûnje my.

‘k Mei rêste of oerein my jaan,

neat fan myn tinken en myn dwaan,

wát my bewege mei of driuwe,

kin foar jo each ferburgen bliuwe.

 

 

2.     Jo slane op al myn wegen acht.

Wa bin ‘k sa nei, wa hat sa’n macht?

Foar Jo is alles iepenheid.

Al wat my op ‘e lippen leit,

gjin inkel wurd noch ha ik sprutsen,

of Jo ha sin en doel ûntdutsen.

 

 

2.     Jo slane op al myn wegen acht.

Wa bin ‘k sa nei, wa hat sa’n macht?

Foar Jo is alles iepenheid.

Al wat my op ‘e lippen leit,

gjin inkel wurd noch ha ik sprutsen,

of Jo ha sin en doel ûntdutsen.

 

 

3.     Jo hâlde, Hear, oan alle kant

myn libben mei jo hân omspand.

Jo ha my yn ‘t rûnom beset.

Myn foech ferstân, myn beevjend hert

is mei ûntsach en frees befongen:

Wa ken ‘t ferheevne fan jo gongen?

 

 

       3. Jo binne achter my en foar,

Jo binn’ my neier as wa oars.

Jo lizze, Hear, jo hân op my,

myn foech ferstân kin der net by.

Mei earbied is myn hert befongen,

want hoe ferheven binn’ jo gongen!

 

 

4.     Wêr bergje ik my foar Jo, o Hear?

As ik nei himels hichten fear.

of ‘k joech my by de deaden del,

‘k ûntkom net oan jo heech befel.

Wêr flechtsje ik foar jo antlit hinne?

Jo Geast kin nimmen net ûntrinne.

 

 

     4.   Wêr skûlje ik foar jo Geast, o Hear?

As ik nei himels hichten fear.

of ‘k joech my by de deaden del,

‘k ûntkaam net oan jo heech befel.

Wêr flechtsje ik foar jo antlit hinne?

Der is gjin plak dêr’t Jo net binne.

 

5.     Al wie ‘t ek dat my barre mocht

de wide wjukslach fan it ljocht,

al socht ik heil oan in fier strân,

lykwols liedt my jo fêste hân.

Al wat ik oerlei of bekûpe,

Jo rjochterhân lit my net slûpe.

 

 

5.     Al hie ik my ek fan Jo keard

op wjukken fan it moarntiidsread,

Al socht ik heil oan ‘t fierste strân,

dêr ek fûn my jo rjochterhân.

Wêr ik ek swalkje hjir op ierde,

Jo sill’ my fine en my liede.

             

Ut de gearkomste fan 28 juni 2022:

De pinkster hymne 676 is yn 1958 skreaun en yn 1976 wat bewurke troch de Sweedske dûmny/dichter Anders Frostenson. Foar in part is de tekst basearre op de wurden fan Jezus oan Nikodemus (Johannes 3:8 De wyn waait dêr’t er hinne wol, en jo hearre syn lûd, mar jo witte net wêr.t er wei komt en wêr’t er hinne giet; sa is it ek mei elk dy’t berne is út de Geast).

Bob Pruisma hat de Sweedske tekst sawat wurdlik oerset. Cor Waringa hat fan dy ‘platte’ oersetting in sjongbere tekst makke.