Oer de YKFE

Yn 1977 kaam it Lieteboek foar de tsjerken (Lfdt) út en yn 1978 de nije Fryske bibeloersetting (NFBO). Dêr hawwe aparte stichtingen foar fungearre.

Yn 1989 waard de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) ynsteld om de liturgyske hantrekken fan de doetiids gearwurkjende tsjerken (SoW) oer te setten. Dat begun mei trije dieltsjes Proeven voor de eredienst. Dat resulktearre yn Ta de earetsjinst (I 1987, II 1990 en III 1993). It waard fuortset mei it oersetten fan Dienstboek – een proeve (1998). Dat waard Tsjinstboek – in oanset (2005). Nei it útkommen fan Dienstboek – een proeve, diel II (2004) foar de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) folge it oersetten dêrfan. Tsjinstboek – in oanset, diel II kaam yn 2010 út.

Underwilens is wurke oan it digitalisearjen fan it Lfdt (resultaat: cd-rom 2002) en it oersetten fan it oanfoljende lieteboek Tussentijds (2005). De Fryske edysje dêrfan waard Tuskentiden (2006).

Yn 2009 waard simultaan mei it tarieden fan Liedboek – zingen en bidden in huis en kerk (2013) begûn mei it oersetten dêrfan. Dat resultearre yn Lieteboek – sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015).

Neist oersettingen wol de YKFE ek de útjefte fan eigen Fryske materiaal befoarderje. Mei it each dêrop liket mear gearwurking mei en tusken oare organisaasjes nedich. De YKFE is der foar alle tsjerklike denominaasjes. Foar de Protestanske Tsjerke yn Nederlân hat de YKFE de status fan wurkgroep fan de Kommisje Regionaal Oerlis (CRO).

De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om de earetsjinst oan ‘e oarder stelle en befoarderje en docht dat troch

  • it útjaan fan Frysk materiaal foar de earetsjinst (liturgy en tsjerkemuzyk)
  • it bydragen oan de útwikseling fan it materiaal en it gearwurkjen tusken belutsen organisaasjes en persoanen
  • it sykjen fan ferbining mei tsjerklike organisaasjes en persoanen yn Fryslân