STATUTEN YKFE

feststelt yn ‘e gearkomste fan tiisdei  28 juny  2022

 

NAMME

 Artikel 1.

De wurkgroep draacht de namme: ‘Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst’. By ôfkoarting hjirnei neamd YKFE.

YKFE hat in histoaryske relaasje mei de Protestantske Tsjerke Nederlân (PTN) dy’t al as net mei noch oare organisaasjes fruchtber makke wurdt troch it fersoargjen fan útjeften, gearkomsten en fierders it Frysk de kristlike tradysje oanbelangjend. YKFE kin eigener beweging aktiviteiten opsette en/of op fersyk fan de PTN en oaren.

 

DOEL

 Artikel 2.

 doel:

De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om de earetsjinst hinne oan de oarder stelle en  

befoarderje.

Taken, ien en oar yn de romste sin:

De YKFE befoarderet de útjefte fan Frysk materiaal foar de earetsjinst (liturgy en

tsjerkemuzyk).

De YKFE draacht by oan de útwikseling fan it materiaal en de gearwurking tusken belutsene  organisaasjes en persoanen.

De YKFE siket fanwegen har wurk binnen de Protestantske Tsjerke ferbining mei de lanlike Wurkgroep Earetsjinst en mei de Wurkgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk fan de Klassis yn Fryslân

De YKFE siket, passend binnen har doel en taken, ferbining mei oare tsjerken, organisaasjes en persoanen yn Fryslân.

 

FINÂNSJES

 Artikel 3.

  1. De YKFE kin de reis- en byienkomsten kosten fan de leden fan it bestjoer yn rekken

    bringe by de FAF.

  1. Foar projektkosten docht de YKFE in berop op jeften fan ynstânsjes en fûnsen, binnen en

    bûten de tsjerken.

  1. De rekken fan de YKFE wurdt beheard troch ien fan de bestjoersleden (de ponghâlder).
  2. De YKFE tsjinnet elk jier foar 1 april de jierrekken fan it ôfrûne jier en foar 1 novimber de

    begrutting foar it folgjende jier yn by de Klassis Fryslân fan de PTN.

 

IT BESTJOER (gearstalling en taak)

Artikel 4.

4.1. It bestjoer fan de YKFE  bestiet op syn minst út fiif natuerlike persoanen; foarsitter, skriuwer, ponghâlder, lid foar fûnsenwerving en saaklik belied, lid foar muzyk en redaksjonele saken.

4.2, De bestjoersleden wurde, op foardracht fan de YKFE, troch de Klassis Fryslân fan de PTN beneamd foar in perioade van 4 jier en binne fuortendaliks noch twa kear foar 4 jier te beneamen.

Yn fakatueres sil sa gauw mooglik foarsjoen wurde.

4.3. In net foltallich bestjoer hâldt har foech wannear ‘t teminsten 3 bestjoersleden noch yn funksje binne.

4.4.. Oan de bestjoersfunskje komt in ein troch:

  1. it ôftreden
  2. it ferstjerren

4.5. It bestjoer kiest út har fermidden

  • in foarsiitter,
  • (eventueel) in twadde-foarsitter,
  • in sekretaris en
  • in ponghâlder

4.6. De soarch foar belied, wurkwize en finânsjes leit by it bestjoer fan de YKFE. It bestjoer leit ferantwurding ôf oan de Klassis Fryslân fan de PTN.

4.7 It bestjoer kin stipe fan tredden ynroppe en kin ek wurk útbestede oan tredden. It YKFE bestjoer bliuwt wol ferantwurdlik by hulp fan tredden en/of by útbesteden fan wurksemheden

 

IT BESTJOER

Artikel 5.  (beslútfoarming)

5.1. Besluten wurde altiten nommen nei mienskiplik oerlis en as it kin mei algemiene stimmen.                                                                                                                                  As blykt dat in beslút mei algemiene stimmen net mooglik is dan wurdt in beslút nommen mei mearderheid fan stimmen, wêrby ‘t blanko stimmen net meitelle.                                                            5.2. Stimme oer saken bart mûnling útsein wannear ‘t der om skriftlike stimming frege wurdt. As de stimmen stake wurdt op ‘e nij stimd; As de stimmen dan wer stake is it útstel net oannommen.

5.3. Stimme oer persoanen bart altiten skriftlik.

Wannear ‘t der net mear kandidaten binne dan dat der ferkeazen wurde moatte dan kin der, as nimmen fan de oanwêzigen dêr beswier tsjin makket, mûnling stimd wurde.

As der  ien kandidaat foarsteld wurdt en de stimmen stake dan fynt der in werstimming plak. As de stimmen dan wer stake dan is de kandidaat net ferkeazen.

5.4. It bestjoer kin ek op oare wizen as yn in byienkomst besluten nimme, allinnich net oer de opheffing fan de wurkgroep. Fan elk bûten de bestjoersbyienkomst nommen beslút wurdt meidieling dien yn de earstfolgjende bestjoersbyienkomst en fêstlein yn de notulen fan dy byienkomst. 

 

IT BESTJOER

 Artikel 6  (wurkwize)

 6.1. It bestjoer fan de YKFE komt fiif kear jiers byinoar (en faker as saken dat freegje).

In ZOOM-petear wurdt ek sjoen as in by in oar kommen.

Fierders wurdt der in gearkomste hâlden as de foarsitter dat nedich achtet en ek as 2 oare leden fan it bestjoer dêrom freegje by de foaristter. Yn dat gefal moat binnen 2 wiken in byienkomst plak fine.

6.2 Tagong ta de byienkomst fan it bestjoer hawwe de leden fan it bestjoer en dejingen dy ‘t dêrta troch it bestjoer útnûge wurde.

6.3. In bestjoerder kin him/har mei in skriftlike ferklearring fertsjinstwurdigje litte troch in oar bestjoerslid. In bestjoerder kin mar ien oare bestjoerder tertsjintwurdigje.

6.4. De siktaris of immen oars troch de foarsitter dêrta frege makket in ferslach fan de bestjoersbyienkomst. Dit ferslach wurdt yn de earstfolgjende bestjoersbyienkomst fêtssteld.

6.5. It bestjoer stjoert alle jierren foar 1 novimber in wurkplan foar it kommende jier nei de Klassis fan de PTN yn Fryslân. 

 

IT BESTJOER

Artikel 7  (fertsjintwurdiging)

 7.1. De foarsitter fertsjintwurdiget de wurkgroep en is de wurdfierder;

De foarsitter kin in oar bestjoerslid freegje de YKFE te fertsjintwurdigjen.

 

BOEKJIER, BEGRUTTING EN JIERREKKEN

Artikel 8.

 8.1. It boekjier fan de YKFE is gelyk oan it kalenderjier.

8.2. It bestjoer stelt elk jier in begrutting fêst foar it earstfolgjende kalenderjier en stjoert dat foar 1 novimber nei de Klassis fan de PTN yn Fryslân.

8.3. It bestjoer stelt elk jier in jierrekken op en stjoert dat elk jier foar 1 april nei de Klassis fan de PTN yn Fryslân.

 

REGLEMENTWIZIGING

 Artikel 9.       

9.1. It bestjoer mei dit reglement wizigje as dat besletten wurdt yn in bestjoersbyienkomst wêr yn tenminsten 75% fan de bestjoersleden oanwêzich of fertsjintwurdige binne en wol mei algemiene stimmen. As dat net mooglik is sil der yn in folgjende gearkomst op ‘e nij stimd wurde; Dan is in mearderheid fan stimmen genôch.

 

OPHEFFING EN VEREFFENING

Artikel 10

10.1 It bestjoer kin allinnich mei algemiene stimmen beslute de wurkgroep te beëindigen;

Wurdt yn de betreffende bestjoersbyienkomst net in beslút nommen mei algemiene stimmen dan folget in nije bestjoersbyienkomst wêryn mei normale mearderheid fan stimmen in beslút nommen wurde kin.

Fan it besút wurdt meidieling dien oan de Klassis fan de PTN yn Fryslân.

10.2 Bij de opheffing fan de wurkgroep ferfalt in batich saldo oan de Klassis fan de PTN yn Fryslân.

 

 SLOTBEPALING

Artikel 11

Yn alle gefallen wêr ‘t dit reglemint net yn foarsjocht beslist it Bestjoer.