Sjong mei yn Ljouwert!
De YKFE, de Yntertsjerklike Kommisje foar it Frysk yn de Earetsjinst, organisearret alle jierren in sjongmiddei mei lieten út it tsjerklike lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke. Dit jier wurdt de sjongmiddei hâlden yn Ljouwert en steane benammen lieten út De gitaar by it boek fan Fedde Schurer op it programma.
Dat is net tafallich. Yn novimber is it 75 jier lyn dat Kneppelfreed plakfûn. Fedde Schurer moast him doe yn Ljouwert foar de rjochter ferantwurdzje foar in artikel yn de Friesche Koerier oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal. Schurer waard feroardiele ta in jildboete. In grutte mannichte minsken dy't op it Saailân gearkommen wie, protestearre dêrtsjin. De plysje griep mei de kneppel yn. Sa krige 16 novimber 1951 de namme Kneppelfreed.
Fedde Schurer bleau syn libben lang dichtsjen. Ien fan syn lêste grutte wurken wie De gitaar by it boek, in samling fan 128 bibelske gedichten. In tal fan dy teksten stiet sintraal op de sjongmiddei fan de YKFE op sneintemiddei 15 novimber yn de Grutte of Jacobinertsjerke yn Ljouwert.
Sjongers socht!
Foar dizze bysûndere middei stelt de YKFE in gelegenheidskoar gear. Wy sykje sjongers dy't it moai fine om mei-inoar Frysk te sjongen. Sopranen, alten, tenoaren en bassen binne fan herte wolkom.
Der binne twa repetysjes:
Sneon 24 oktober, 10.00–12.00 oere
Sneon 31 oktober, 10.00–12.00 oere
Nieuw Perspectief, Hurdegaryp
De muzikale lieding is yn hannen fan Bob Pruiksma en Geart van der Heide.
Opjaan
Wolst meidwaan? Jou dy dan foar 15 septimber op fia info@ykfe.frl en fermeld dêrby dyn stimsoarte: sopraan, alt, tenoar of bas. Nei oanmelding wurdt de muzyk tastjoerd.
De sjongmiddei is op snein 15 novimber yn de Grutte of Jacobinertsjerke yn Ljouwert. Oan it meidwaan binne gjin kosten ferbûn.
Sjong mei en lit op 15 novimber it Frysk klinke yn it hert fan Ljouwert!
