Koarsettingen Lieteboek 2015
yn ûntwikkeling - komt ynkoarten hjir beskiber
Koarsettingen Lieteboek 2015
By Lieteboek – Sjonge en bidde thús en yn tsjerke is in e-book útkommen mei oan it Frysk oanpaste koarsettingen en begeliedingen. Om hokker lieten oft it giet is te finen op de siden 1607/1608 fan Lieteboek. Sjoch foar ynformaasje oer it -book https://www.liedboek.nl/uitgaven-overzicht-liedboek/bestel-friese-uitgaven.
In Fryske edysje yn boekfoarm fan de folsleine trijedielige Nederlânsktalige koarbondel soe net rendabel wêze. Dêrom binne op inisjatyf fan de YKFE by de oare lieten út Lieteboek 2015 koarsettingen yn pdf-formaat op it ynternet te finen. It giet benammen om de settingen út de trijedielige Nederlânsktalige koarbondel, mar dan foarsjoen fan de Fryske tekst. By in grut tal lieten dêr’t de Nederlânsktalige bondel gjin koarsetting foar jout binne oanfoljende settingen socht út oare boarnen (Liedboek voor de kerken en Het nieuw Utrechts Psalter) en fan bewurkers út ferskillende tiden. De measte settingen binne 4-stimmich, mar der binne ek 2-, 3- en 5-stimmige by. Om wikselsang mei de gemeente maklik te meitsjen is de kar fan de strofen tusken de balken dêr gauris op ôfstimd.
Mei tastimming fan de útjouwer KokBoekencentrum, dy’t oer de rjochten fan de neamde boarnen giet, en fan de (erven fan) rjochthawwende komponisten binne de pdf-dokuminten fan lieten dy’t koaren en kantorijen yn it Frysk sjonge wolle te downloaden en foar eigen gebrûk te kopiearjen.
Klik hjir foar it Oersjoch Koarsettingen Lieteboek 2015 foar fierdere ynformaasje.
Klik hjir foar de Koarsettingen Lieteboek 2015.